De 98e Tocht: 2005 It hie wer sa moai wêze kinnen, om der wer in wykein op út te gean, wy binne ek fuort west mar mei mingde gefoelens. Wat in kloaten jier. Op de ledegearkomste fan 7 maart wie in elts it der wol mei iens: wy soene fuort yn it wykein fan 1, 2 en 3 april, foar ús 98’e tocht. Mar it kaam oars. Op woansdei 16 maart kaam it berjocht dat in Ljouwerter bestjoersrjochter it aaisykjen foar dit foarjier FERBEAN hat. Dat sloech yn as in bom. Der waard noch net sketten, mar der kamen al kûgels by inkelde minsken en it die bliken dat de aaisikers it der net mei iens wiene. Nei in twatal gearkomsten yn Jirnsum waard dan ek besletten om it beslút mar te negearen, om sjen te litten wat ús dwaande hâldt en dat it ús hiel djip sit. Fierders wol ik hjir net mear by stilstean, want in elts dy’t in krante lêst hat dit wol mei krigen. Mar wat moast "De Ald Hy" dit jier der net op út of wol? Dus wol, want jo kinne in hast 100 jierrich tradysje net ferbrekke. Doe’t wy yn 2002 yn ferbân mei de tongblier der ek net op út koene, doe hiene wy der frede mei, mar mei dit net. Yn 2002 is doe in alternatyf program yn elkoar setten mei in oriëntearingsrit en yn De Tuolle teoretysk aaisykje. Wy hawwe in moaie dei han doe. Mar dit jier moast it oars. Nei wat oerlis mei de leden waard besletten on mar wol op freed 1 april om 20.00 oere yn De Tuolle te kommen en op sneon 2 april mar it lân yn te gean om te aaisykjen. Troch it komitee, dat oars op de sneontejûn wat útfine moat om de leden by de les te hâlden, wie in program opsteld om ús de sneonsk dwaande te hâlden. Der wine 4 kriten op kaart setten, te witten: de Aldfeart Krite, De Lytse Wiersterkrite, de krite Tersoalster en Sibrandabuorsterfjild en it Poppenwiersterfjild. Der gongen dit wykein 14 fan de 16 leden mei Jan Martens wie siik en Douwe Wester moast te sjongen mei Lytse Krêft. Dus der kamen 4 ploegen, 2 fan 4 en 2 fan 3 en dy krigen ek in namme:
Wat sille wy hjir oan dwaan? Der sil in boek komme oer 100 jier "De Ald Hy" der wurd drok oan wurke. Der soe einliks in monumint komme moatte yn Tersoal, dêr wurdt ek oan wurke. Dit kostet plm. EUR 10.000,-- en hjir wurde subsydzjes foar oanfrege. Oan’t no ta is der EUR 6.500,-- tasein. Dêrby sitte ek 2 jeften by fan ynwenners fan Tersoal. Hawwe jo der ek wat foar oer,it rekkennummer is 3307.36.744 o.n.f. Aaisikersklup de Ald Hy, Tersoal.Hawwe jo belangstelling foar it boek skilje efkes! De kosten wurde plm.20,-- Euro foar in boek fan 350 siden Bygeand ek efkes it ûntwerp fan it monumint wy moatte noch sjen wêr as it komt,mar misskien hjir wol.It sil makke wurde troch Hans Jouta fan Ferwert. Ut namme fan de aaisikersklup "De Ald Hy" Lolke Wijtsma Durk Dijkstrastrjitte 11 9014CC TERSOAL 0515521621 0653817432 mail Wijtssma@lollke.tmfweb.nl ![]() |