Wolkom by Aaisikersclub 'De Ald Hij'


De 97e Tocht: 2004

Einliks wie it dan wer sa fier, ús jierlikse útstapke mei de âld hy.
Al wiken sit je der faaks al nei út te sjen, want hoewol we allegear stomme graach yn it lân wêze meie, dit wykein hat dochs altyd wat bysûnders.
De ien nei de oare komt sa freedtejûns binnendrippen, allinne Jabik giet dit jier net mei mar oars koe eltsenien en as we foltallich binne kin de foarsitter de ploegen gearstalle en kin elts mar nei behoefte bôle smarre.
De skriuwer hie foarsteld dat Age en Anno dit jier it mar ris mei-elkoar probearje moatte en dat hij der dan mei de foarsitter op út giet, dat paste kwa leeftiid en linigens ek wol sa goed byelkoar. Sadwaande stienen de folgjende ploegen foar de sneons op papier:

Ploech 1 : Doekele en Hindrik
Ploech 2 : Trinus en Douwe
Ploech 3 : Piter en Bareld
Ploech 4 : Wytse en Anne
Ploech 5 : Egbert en Jan
Ploech 6 : Age en Anno
Ploech 7 : Albert en Rouke - Rienk
Ploech 8 : Lolke en Kees

It sit de jûns wer noflik yn de Tuolle en oant ein fan de dei sette Doekele en Douwe op hûs oan, hja sliepe bij de famkes en wij moat mar sjen dat we sûnder bijsliep yn sliep komme. No sliep ik meastal alinne yn hotel Volvo dat dit is foar mij net sa'n punt en de measte oaren ha al in pear sliepmutskes hân, dat as elts te plak leit is it ek samar stil yn de sliepseal. Earder leinen we noch wolris in oere te skodzjen yn de sliepsek fan it laitsjen mar it wurd elk jier minder mei de moppen. It is wol sa goed foar de nachtrêst fansels mar je misse it ek wolris wat.

Age wie de jûns goed op dreef, hij hie neffens mij middeis ek al efkes sitten en is dan ek frij wat drok, hij stiet op it ein fan de jûn boppe op de tafels en it falt mij ta dat er der net ôfsoademitert. Hawar, die sliept jûn as in blok, it is alinne efkes ôfwachtsjen hoe útsliept as er moarn is, mar mei Age falt dat faaks wat ta.
As elts syn wiet en droech hân hat sneontemoarn kin it wer oan gean oant de kofje want we wurde allegear op tiid ferwachte, elts hat oant dan syn eigen krite en dernei moat we it sels mar witte wer as we sykje wolle.
It bier hat Age net pleage want hij hat wer praatsjes foar twa, hij kin no ek mar oanrinne want in traint man as Anno kin him lang bijhâlde. De nachtrêst thús hat Doekele ek goed dien, want hij wie moarns de earste die in aaike yn de pet dwaan koe, en wol om 7.04 oere. Alinne ploech 5 hat noch net in aaike fûn, neffens Jan hie Egbert hielendal gjin fidúsje yn syn eigen krite bij Jorwert.
Werom je der dan wol hinne geane te sykjen snapt hij ek net mar it risseltaat is dan ek nul. Egbert wie it betrouwen yn himsels hielendal kwyt en as je dan ek noch oer in hikke knoffelje die midden yn je eigen krite stiet mar der is net iens in feart, dan wit je moai krekt hoe as it der mei Egbert foar stiet disse dei.
Nei de kofje binne Lolke en ik ek noch efkes der it lân yn west en fûnen yn in goed oere tiid 6 aaien, dus dat seit genôch. Age tinkt no der in jonge maat mei hat dat er wol oer in wat gruttere feart kin mar komt mei ien wiete poat noch goed wei. Syn maat Anno wol net foar Age ûnderdwaan mar is noch koarter as Age want hij rekket der op de bealch yn. Oars net sa slim, mar de sjek is ek wiet en Age smookt net mear. Age hat lykwols noch wol in âlde overal achter yn de auto lizzen, dus disse oan, net seure en trochrinne. Se sjogge yn de fierte roekejeien, dus derhinne, kilometers sjouwe en noait wer in ljip te bekennen. Achter de UTD snipt Age lykwols noch in broed. Lolke en ik wienen ferhuze en stean yn de kontreien fan Hinnaard út te sjen oer in maisfjild en yniens giet Kees syn mobyl. Coby, mei de fraach wer we úthingje, se hie in oare auto mei te proefriden en die moast ik ek efkes probearje. Coby hie lykwols de jongste dochter ek mei dat doe ik te proefriden gong stapte dy bij Lolke yn de auto.
No hie ik tsjin Lolke sein dat er de kop bij it fjild hâlde moast en goed om it roekejeien tinke moast, mar nei de proefrit bekende hij earlik dat er nea wer in blik oer it fjild gongen wie. Wer as der wol nei sjoen hat lit him wol riede.
De jeugd hat se der noch moai foar stean en je mei wol blyn wêze wol je der net nei sjen. As elts wer yn de Tuolle is foar it jûnsiten dan bin der 58 aaien fûn.

Anno hat hjoed de measten, 9 stik en syn maat Age hat 8 dus beide mannen ha alhoewol se beide lêst ha fan de fuotten, dit troch de wiete learzen, goed hun best dien. Alinne Jan hat noch net in aaike fûn en syn maat Egbert hat ek noch mar ien, in minne skoare dit jier foar disse dochs wol tûke aaisikers.
Douwes Benny hie der wer foar soarge dat it waarm iten op tiid ree wie en dat waard mei smaak efter de knopen wurke. Nei it iten noch efkes ôfwaskje en dan kin der lotte wurde foar de oare deis en kin we riede hoefolle aaien as we dit wykein fine sille. Anno en Age ha hjoed de measte aaien fûn en bin ek it optimistysk, hja riede 136 en 124 stik. De beide dreesploegen feroarje moarn fan formaasje en de rest wurd trochelkoar lotte, te witten:

Ploech 1 : Hindrik en Douwe
Ploech 2 : Doekele en Trinus
Ploech 3 : Age en Lolke
Ploech 4 : Jan en Kees
Ploech 5 : Bareld en Anno
Ploech 6 : Anne en Piter
Ploech 7 : Egbert en Rouke - Rienk
Ploech 8 : Wytse en Albert

No elts wit mei wie as der moarn it lân yngiet kin der bôle smart wurde en as dernei elts noflik oan in bierke as in friske sit komt der ynienen in bedaard mantsje binnen die al sa bliid is dat der smookt wurde mei yn dit etablissemint.

Hij stoppet op syn gemakje in piip en dan seit Age dat disse man ús jûn efkes dwaande hâlde sil en dat we him earst mar ris wat fragen stelle moatte om der achter te kommen wat de man syn berop is. Hij seit der lykwols gelyk bij dat dejinge die disse man kin neat sizze mei. It is Piter die úteinlik wit wat disse man yn 'e akte hat. De man set fûgels en oare bisten op en fertelt mei in soad passie oer syn berop. Hij hat ek noch wat bisten en fûgels meinommen en as jo dan heare hoe bewurklik sok wurk is dan kin je jo foarstelle dat soks noch wol in pear sinten kostje moat. Foaral it lytse iisfûgeltsje dat hij meinommen hat kin de leden fan de Âld Hij bekoare. De man kriget nei ôfrin fan syn petear noch wat te drinken oanbean en dan is in grut part fan de jûn hast al wer om.

Nei in beste nacht kin we der allegear mar wer tsjin oan om as it heal kin der noch moai wat aaikes bij te finen. Us jongste lid set fûleindich út ein, foar sânen hat er syn earste aaike al yn de pet. It waar lokket fanemoarn no net echt, der falle sa no en dan beste buien en Jan en ik stean foar de feroaring wer bij it maisfjild bij Hinnaard wer Lolke mear belangstelling hie foar foargevels as roekejeien en as it wat droeger wurd sil we der mar ris in loopke dwaan. We pakke der wat ientsjes mei en sa sjoch je mar wer, it each moat op it fjild bliuwe.

Dan is it ek kofjetiid en alhoewol it waar net sa bot lokke bin der dochs al wer 28 aaien bijfûn. Rouke-Rienk is hjoed bij Egbert en bin dochs wer nei Jorwert tôge en it is frjemd mar Egbert hat hjoed syn dei blykber wol want tegearre komme se dêr mei 9 aaien wei. As elts genôch kofje nei binnen wurke hat dan ha we noch in oerke as sân om ús slach te slaan. Der binne noch kandidaten genôch foar de wikselpriis dat elts sil syn best noch ris dwaan. Anne treft it hjoed net, Piter is net fan doel om Anne ek ris op de goede kant fan de ikker rinne te litten. Op it ein fan de dei hat Piter der 9 fûn en stiet Anne noch op nul.

De leste loop lykwols fynt Anne om fiif oer fifen noch in aaike dus de ear is rêden. Rouke- Rienk hat te min bôle smart en freget Egbert om healwei tolven midden yn de Lionserpolder as se hjir ek earne in snackbar hawwe. De lytse man fynt lykwols omraak mar de middeis ferhúzje se nei Wytgaard en moat se bij in boer oer it hiem. Neffens Egbert wie dit in strieminne boer wer net ien it lân yn mei, mar omdat Egbert syn sweager wie mocht die der al aaisykje. It wie yn dit gefal mar better dat de boer Rouke-Rienk net seach, dat disse siet rûngear nei de holle tusken de knibbels yn de auto doe't se it hiem oprieden.

Foarich jier hie Egbert him al te pakken mei it leppelbeknêst en no dit wer, it wurd hast tiid dat Rouke wat minder nei syn mentor heard. Us foarsitter hat wer oare swierrichheden, hij is hjoed bij Age en sjocht hjoed heal Fryslân. Nei de kofje earst nei de Hommerts, oan de Welle kilometers sjouwe en gjin aaien, dernei nei Offenwier, Abbewier en Sourein, sa no en dan al in aaike, mar ek einen rinne, dat Lolke hat oan de ein fan de dei skjin syn nocht en wol mar werom nei de Tuolle. Doekele en Wytse ha sneontemoarn hun krûd al fersketten want die kin hjoed beide net in aai fine. Sa gong it mei Jan en mij ek mar op de neimiddei komme we noch bij in moaie krite en yn in kertierke tiid fynt Jan noch in trijke en ik in ientsje, dus dat makket dochs noch wat goed.

Dan wurd it lykwols ek tiid en gean werom nei de Tuolle, want de Sinees kin der ek hast wêze. As dit mei smaak feroarbere is kin de foarsitter de priiswinners bekent meitsje. Der binne de middeis noch 44 aaien bijfûn dat it totaal fan dit wykein komt op 130 stik.

De 1e priis en de wikselbeker bin dat jier foar ús jongste lid Rouke-Rienk
Hij seach kâns om yn twa dagen 21 aaien te finen.
2e priis : measte aaien earste dei : Anno 9 aaien
3e priis : measte aaien twadde dei : Rouke-Rienk 14 aaien
4e priis : 1e aai earste dei : Doekele 7.04 oere
5e priis : 1e aai twadde dei : Rouke-Rienk 6.59 oere

It rieden wie kamp, Anno en Age sieten der beide 6 neist, mar omdat Anno al in priiske fertsjinne hie wie disse priis foar Age.
De útslaggen: Rouke-Rienk dus 21, Anno 16, Piter 13, Bareld en Age 11, Egbert 10, Lolke 9, Douwe en Kees 7, Albert 6, Jan en Hindrik 5, Anne en Wytse 3, Trinus 2 en Doekele 1.

As we mei de skathâlder rekkene ha kin elts die der ferlet fan hat mar op hûs oan, in part hat syn nocht noch net en doppet noch ien en hâld noch in petear oer dit al wer tige slagge wykein. As dan einliks de foarsitter de leste man der út wurke hat , kin er de doar fan de Tuolle op slot draaie en dan is it echt passé, it wykein fan 2004 beheart fan ôf no ta oan de rike histoarje fan ,, de âld hij ,,


Baard, desimber 04

Cees Stavinga.


De Ljip