Sterke stikken Wer binne myn learzen? Sa'n 25 jier lyn kaam ien fan de leden moarnsier fan it skûtsje ôf mei de fraach of der immen wie dy't syn learzen sjoen hie of sels oan hie. Dat hie fansels net ien. Hy sette lilk en op sandalen ôf it fjild yn en rôp noch "As ik sjoch wa't se oan hat, dan brek ik him de bonken". Letter op dy dei seagen oaren him wer mei learzen oan yn it fjild. Se fregen him wêr't er syn learzen wer fûn hie. Wat skruten kaam de aap út de mouwe: "Ik hie se sels ûnder de earm." Droogkokende rijst Yn 1973 moast de Ald Hij om in oar ûnderkommen sykje, want Abe Raukema hie de skiepkes op it droege en syn skip ferkocht. In skipper út Jorwert woe syn skip wol twa dagen oan ús ferhiere, mar hy woe net by syn wiif wei, dat wy moasten ússels mei it iten rêdde.'No, dat is gjin punt', seit de greate jonge. 'Myn Njis is sa faak de hort op, dat dan moat ik mysels ek rêdde' Hjir wiene de foarsitter en de leden tige met op 't skik, wy wiene daliks wer út de brân. Klaes syn rjochter hân, de lytse jonge, woe him wol wat bystean: 'no dat is bêst Sikke, mar tink derom, ik haw sels de superfisy'. Klaes hie dan ek sels it iten ynkocht, Û,o. in pear pak droogkookrijst'. Hy set in panne op it t' fjouwerpits peteroaljestel en mitert de rys deryn. Neffens Sikke moat er wol wat wetter yn e panne. 'Watte?, kinsto dan net lêze jonkje? Der stiet ommers fan droogkokende rijst' op, dat rêdt himsels wol'. No, dat hat er fuort letter ek witten, de rys klettere yn 'e boarden. Neffens Reitse koe men der wol sa goed mei kuenstdongstruie. Hawar, it is dochs noch goed kommen. Hette foun efter Harm-Abes hússté in snies bebrette eineaaien en dy hat Klaes der trochhinne mjokselle. It hat ús noch bêst smakke, allinnich wy skieten de oare deis as slobben. ![]() |