De skiednis fan de Ald Hy Wa binne wy ? Wy dat binne de leden fan aaisikersklup De Ald Hij, oprjochte yn 1906, troch aaisikers út Tersoal.It begûn yn 1906 yn Tersoal, doe't in oantal manlju út Tersoal besletten om mei elkoar te aaisykjen. Hja mochten doe noch aaisykje oant 29 april. De earste kear wie dit ien dei en gongen hja mei skouwen en boatsjes te sykjen yn de omjouwing fan Tersoal, de Brekken en de Snitser Mar (it bûtlân). Dernei gongen hja 2 dagen en waard der oernachte yn het hea fan boer Hoekstra oan de boarden fan de Snitser Mar. De pleats stiet der hjoed de dei noch en wurd bewenne troch de famylje van Bentum.Letter gongen hja mei it skûtsje fan skipper Abe Raukema út Tersoal op reis. Meastal twa dagen, mar as it barde, dat ek de Peaske yn it lêste wykein fan it aaisykjen siet, dan gongen hja trije dagen. It barde altyd yn it wykein dus freeds fuort en sneins wer thús. Abe brûkte it skûtsje in protte om stront yn te ferfieren. En sa, koe it barre dat der op tongersdei noch stront yn siet en op de nacht fan freed op sneon de leden fan de Ald Hij der wer yn sliepten.
It rom fan it skûtsje waard earst skjinmakke en yndield yn in sliep en in ytgedielte. Foar it sliepen waarden in oantal pakken strie oankocht en ferstruid oer de flier fan it skip. Nei ôfrin fan de reis waard dit strie wer útladen by Herman Douwes Kiestra op de Greate Wierren, dy 't dan wer ûnder de kij brûkte. It measte stof wie der dan wol of en siet op de hollen fan de aaisikers.Op freed tejûn sette de tocht útein fan Tersoal út. Jo mochten mei as jo ynwenner wiene fan Tersoal of Sibrandabuorren en 16 jier of âlder wiene. De earste nacht waard trochbrocht by de Harm-Abes pôle en dêr waarden ek de ploegen gearstald. Meastal wiene die ploegen elts jier wer gelyk. De iene ploech gie nei it Gauwsterfjild, de oare nei it Poppenwiersterfjild , der wie in Brekkenploech en in skipsploech. De skipsploech bestie meastal út de skipper, de 2 minsken dy't foar it iten soargen en wa 't net sa makkelik mear rinne koe. As de earste dei foarby wie, dan sette it skûtsje fan Abe koers nei Akmaryp. Fan dêrút gongen dan op snein de ploegen nei de Blaugerzen, Bloksleatspolder en Haskerfeanpolder. Der waarden altyd in oantal skouwen meinommen om de ploegen nei harren bestimming te bringen. Nei oankomst op snein ( of moandei) yn Tersoal waard der in priisútrikking holden yn it kafee fan Tersoal. Hjir koene jo in slokje of in gleske bier krije, want dat wie net oan de oarder as jo meigongen te aaisykjen. Der wie gjin drank by, allinne kofje, tee of sinas.Yn 1975 hâlde Abe der mei op en moast der socht wurde nei in oare lokaasje om te oernachtsjen, dit waard doe de Herberch yn Poppenwier. Op de boppeseal sliepe en ite. Doe wie ek fuort de tiid fan de boatsjes en skouwen dien. Jo moasten mobyl wêze om de konkurrinsje foar te wêzen. Ien boatsploech bliuw der noch oer foar yn de Aldfeart. Yn 1994 waard de Herberch yn Poppenwier sletten en sûnt die tiid hawwe de leden fan de Ald Hij, harren hotel no yn doarpshûs de Tuolle fan Tersoal. Dus wer werom wer as alles yn 1906 útein set is. Sûnt 1947 is der fan al ús tochten in ferslach makke, earst troch Jochem Postma, doe troch Rients Visser, Doekele Kiestra, en no troch Kees Stavinga. Bestjoersleden hawwe der al dy tiid fansels ek west. Hjir wat nammen : Wiebren Postma, Klaas van der Hem, Klaas Wiersma, Sikke de Jong, Bauke Schuurmans. It hjoeddeistige bestjoer bestiet út Lolke Wijtsma, Doekele Kiestra en Hindrik Weiland. Sûnder leden kin in klup net bestean, op syn meast hawwe der wolris 27 leden mei west, no hawwe wy noch 18 aktive leden en 2 eareleden, te witten: Rients Visser en Hette Ligthart. Ek komme al ús leden net mear allegearre út de doarpen Tersoal en Sibrandabuorren mar út de hiele provinsje en om utens. Ik wol beslute mei it gedicht fan Douwe Hermans Kiestra, op 27 april 1927 makke: 'k soe noch ferjitte dat op Harmen Abes, âld hússtee, ûnder it iten fan in lekker pantsje sûpenbrij. de klup de namme krigen hat fan de Ald Hij. Ut namme fan de Ald Hij, Lolke Wijtsma |