Wolkom by Aaisikersclub 'De Ald Hij'


De Ljip

De Ljip (Vanellus vanellus) komt yn hiel Eurasië foar. De ljip giet de winter út de wei. Fan septimber ôf lűke de ljippen dy't hjir bret hawwe fuort nei Ingelân, Ierlân, Frankryk en sels nei Afrika. De ljippen dy't hjir mei sęft winterwaar foarkomme, briede meast yn skandinavyske kontreien.

De ljip stiet hjir bekend as greide-fűgel, mar hâldt fan sompich lân. Troch it ferleechjen fan it wetterpeil (djip-űntwettering) fan in soad boerelân, binne der gâns fűraazjeplakken fan de ljip ferdwűn.

De ljip sa't wy dy kenne hjit yn it Ingelsk 'Northern Lapwing'. Dy namme jout al oan dat der ek in súdlike ljip bestiet. En yndied, yn Súd Amearika komt de Southern Lapwing foar. De ljippen hearre mei de plevieren ta de famylje fan de Charadriidae.
Der binne meiďnoar 66 soarten, dy't oer de hiele wrâld ferspraad binne (mei utsűndering fan Noard-Amearika). Guon fan dizze soarten binne tige seldsum en wurde mei útstjerren bedrige.