|
Yn 2006 bestiet
Aaisikersclub de Ald Hy fan Tersoal 100 jier.
Hoewol it foar Aaisikers gjin bêste
jierren binne mei it ferbieden fan de aaisikerij, wol de
Ald Hy dit jubileum fansels net ûngemurken foarby gean
litte. Sa sil
der yn Tersoal in monumint komme foar de club, wurdt der
in jubileumboek útjûn en sil der in feest komme foar de
leden fan de Ald Hy.
It boek, dat sa'n EUR 20,-- kostje
sil, is alfêst te bestellen by
foarsitter Lolke Wytsma, telefoan 0515-521 621.
De kosten foar it
monumint, dat makke wurde sil troch Hans Jouta fan
Ferwert, binne likernôch EUR 10.000,--. Dêrfan is no
sa'n EUR 6.500,-- byinoar brocht. Jeften binne wolkom op
banknûmer 3307.36.744 o.n.f. Aaisikersclub De Ald Hy,
Tersoal.
Lolke Wytsma |