Gedichten oer it aaisykjen op www.ald-hy.nl
Wolkom by Aaisikersclub 'De Ald Hij'

Tinzen fen in āld aeisiker

Sa midden yn it Fryske lān,
Der leit it doarp Tersoal.
En yn'e flagge fen dit doarp,
Stean trije rapen en ien koal.

Mar det is lang net alles hjer,
Hwat der yn it dit doarpke bart.
Hwant eltse maitiid op'e nij,
Wurd der mei Roukema's skūte fart.

De manlju wurde den wer bern,
Men kin der neat oan dwaen.
Hwant is de ljip wer op it lān,
Moat men hjar romte jaen.

Hja tōchje den mei iten
En drinken net to min.
En al dy folwoechsen keardels,
Hawwe den in skoander sin.

In striesek, ek de pols moat mei,
en al wurd de ālderein hwat stiif
"Minsken it scil heevje,
Trije dagen los fen it wiif".

Troude manlje, pake's en jongfeinten,
Hja binne allegear gelyk.
En fine hja den in aeike,
den fiele hja hjar ryk

ālde Wybren soarget foar de pot,
It kosthūs is pūrbźst.
Mar iten hawwe hja hast net oan tiid
hwant: "Sjoch, sjochst det,
der sit in skries op't nźst."

De sinne moarnsier oan'e kime,
De douwe oer it lān.
De Ljurk dy klimt omhegen,
Dit is ek śs Fryske lān.

Klaas fynt in nest Ljipaeien,
En Sieberen in kwaei.
Douwe en Doeks in nest eine-aeien
Die mochten doe noch mei.

En jouns yn it foarūnder,
By in hapke en in slok.
Den komme de forhalen
Hja hawwe it mar drok.

De tinzen geane den to bek,
Nei de jierren mei heit en pake.
En liege wurd der nea net dien,
Mar wol in protte lake.

Hja fiele hjar den helden
To lyts is hast de wràld.
Hja binne de kening fen it fjild,
Al it oare leit hjar kāld.

Geane hja eins op hūs wer oan,
nei wiif en mem en faem.
Den binne dy greate helden,
Sa mak wer as in laem.

Minsken hāld dizze sport yn eare,
Foar bern, bernsbern en fūgels.
Hwant op minsken hwa dit forbiede wolle,
Nou ljeau my, dźrop wurd ik kūgels.

Gjin jonges maitiids yn it lān,
Mei pols to sleatsje springen.
Gjin aeisiikjen, gjin neisoarch mear,
Foarbij bin den al dy dingen.

Dos hwat ik noch to sizzen ha
Det jild foar jong en ālden.
Fjochtsje foar de fūgels en śs sport,
En bisiikje om it to bihālden

Skreaun Rispmoanne 1996 troch Bouke Haarsma
foar Siep Klaas de Jong

nei boppe

It djip forstān

Hja sykje om'e nocht.
Har lūkt allinne loft en lān
If skōgjen fan hoe't hijke fljocht
En sjende wurde hja de ljip
Dy't tommelt oer de wjok
Fordwine yn it blau, in fiere stip
En fine it swalkerslok

(Ut: Waerglźs fan J. Piebenga)

nei boppe