Wolkom by Aaisikersclub 'De Ald Hij'


De Ferslaggen

Fan de measte aaisikerstochten binne ferslaggen beskikber. Hjirûnder it ferslach fan skriuwer Cees Stavinga fan de tocht fan 2002, en in stikje fan it ferslag fan 1998. Nijgjirrich is ek it lêste part fan it ferslach fan 1992.

De 95e tocht fan 'De Ald Hy'.
30 en 31 maart 2002

Alhoewol de klup 96 jier âld is wienen we dit jier oan de 95e tocht ta omdat yn ferbân mei de tongblier it jier dêr foar de tocht net trochgean wie. De freedtejûns soe elts probearje in bytsje op tiid yn de Tuolle te wêzen, mar foardat ik in begjin meitsje mei it ferslach fan de reis is der earst noch wat oars dat ik fermelde moat.
Yn it foarjier krekt foar ús fergadering krige Hindrik in skriuwen thús út Waermenhuzen fan de pleatselike fûgelwacht. Him waard frege as er ek bij machte wie om einekuorren te meitsjen mei in ferhege yngong dy 't ornearre wiene foar de populaasje tûfeinen dy 't sa der sein waard net in geskikt briedplak fine koenen en healwei it brieden de gewoane kuorren ferlieten omdat se bij it binnengean en ferlitten fan de koer mei de tûfe de yngong fan de koer rekken en dat sa yrritant wie dat se úteinlik it briedsel ferlieten. Wat Hindrik net wist, mar ik wol, want ik hie de brief sels opsteld, wie dat it idee bij Reitse weikaam. De bedoeling wie eins dat Hindrik de brief foarlêze soe by de fergadering, mar it wie sa echt bij Hindrik oerkaam, dat Hindrik rekke oan it kuormeitsjen en kaam mei twa alternative kuorren op de fergadering. Elkenien hie fansels de measte wille om dizze fyt fan Reitse, mar alhoewol de kuorren úteinlik net yn Waermenhuzen mar yn Raerd en Tersoal belâne binne en der gjin tûfeinen mar gewoane doarpseinen yn bret hawwe foldienen se like goed as gewoane kuorren, dus Hindrik hat net foar Jan mei de koarte efternamme oan 'e slach west.

Sa as we went binne wienen der wer in pear útfallers dizze reis, te witten Jan Martens, mar dy hie in goed ferlechje. Jan hie 25 jier lyn goed op syn tellen past en der foar soarge dat er trout wie foardat we der mei de klup op út gongen. Mar, omdat it aaisykjen ynkoarte n waard en we as klup besletten ha om net mear it alderlêste wykein der op út te gean, foel Jan syn 25 jier trouwen krekt yn ús wykein en koe sadwaande net mei. De twadde ôfwêzige wie Hein-Willem. Neffens syn sizzen wie er wurdich en koe dêrtroch net mei.

Sadwaande wienen der foar de sneons 16 man yn de bekende formaasjes, te witten :
  • Ploech 1 : Doekele, Douwe en Trinus
  • Ploech 2 : Hindrik en Reitse
  • Ploech 3 : Piter en Bareld
  • Ploech 4 : Wytse en Egbert
  • Ploech 5 : Anno en Lolke
  • Ploech 6 : Age, Anne en Kees
  • Ploech 7 : Jabik en Albert
No wie it de jûns wol wer gesellich en sa bin we dat ek went, mar om't ein fan de jûn wie der ien man dy boppe alles út kaam en dat wie Age. It moltsje hie de middeis ek al wat spraakwetter hân en doe de jûns ek noch aardich syn best dien, dat hy sloech foar best op. Hy stie op 't lest al boppe op de tafel en wist fan gjin ophâlden. Likernôch waard it op it lest dochs restich yn de Tuolle en hie elts it fel oer de eagen.
De oare moarns ier wie it wer appel en koenen we mar oanfalle op de moarnsbrogge. Age lykwols hie noch net safolle honger en koe mar min út de sliepsek komme. Hawar, doe't it begong te skimerjen wie elts safier dat it oangean koe en setten de ploegen útein om, al wienen de ferwachtings net sa heech, te probearen mei in petfol aaien werom te kommen. No, it like der noch net sa bot op doe't we kofjetiid wer byelkoar kamen. Op Age nei lieten we de kofje goed smeitsje en doe koe it wer oangean foar de rest fan de dei. Piter en Bareld soenen der wer mei de boat op út en de rest stapte yn de auto mei heel Fryslân as jachtfjild sa as ús âld skriuwer Rients dat dan sei. Age lykwols knapte noch net sa hurd op. Neffens syn sizzen hie der dit wolris faker meimakke en koe it wol oant middeis in oere as twa, trije duorje foardat hy wer bij sûp en stut wie. Hy hie moarns al ferskeidene kearen de ynhâld fan de mage probeare kwyt te reitsjen en makke derby lûden as in ferkâlden hokkeling. Anne en ik hienen der wakker wille om, mar fan de oare kant hienen wij der ek neidiel fan, want Age fielde him sa min dat dy joech him del yn de auto dat sadwaande moasten we tegearre it heitelân ferdigenje. En sûnder Age woe it net.

It is frjemd, mar it is mei Age en ljipaaien krekt as mei izer en in magneet, it lûkt elkoar oan. Letter op de dei stuts Age de kop wer op, hy bringt ús gelyk nei in goede krite ta en we fine wer omraak. Age sels run fansels wer op in broed en koe wol efkes wat oars útfine. Der kaam in frommis it lân yn en frege ús as der ek in sterk persoan wie dy har efkes gerive koe om de karre efter de auto te hingjen. Ik sei gelyk dat Age der de júste persoan foar wie. Hy is net alinne sterk, mar hy rûkt ek noch sterk wie myn motivaasje. It frommis hat dus probeare in meter foar Age te bliuwen, mar dat slagge fansels net mei Age syn grutte treden. Anne fûn noch in pear stikkene aaien yn in stik lân dêr 't de seaddedonger oerhinne west wie, mar al mei al wie dit foar ús in gouden krite.

Werom yn de Tuolle koenen we ús mar oerjaan oan it jierlikse feestmiel fan brune beantsjes, grouwe earten en makoroanje. Al ferskeidene jierren hienen Jot en Line, assistearre troch hun dochter Betty, foar it waarme miel soarge, mar it waard hun allegear wat tefolle. Dan moat der oars yn fersjoen wurde fansels dat doe hat ús achte foarsitter dizze taak op him nommen. No witte we allegear hoe stomme graach Lolke aaisykje mei, dat om dan in skoft earder op hâlde te moatten mei aaisykjen om foar kok te boartsjen, dat is klearebarre klupleafde. No smakke it wer poerbêst, dat as der net in oar is dy him oanbied foar dizze taak, en Lolke der net al te folle moederaasje mei hat, kin it om my wol sa bliuwe. It tal aaien lykwols hjoed wie no net om oer nei hûs te skriuwen. Nei in lange dei yn 't fjild mei 16 man leinen der mar 31 aaien yn de sammelbak. Dit wie lykwols net it iennichste negative aspekt fan dit wykein. Famylje fan Egbert wie yn it sikehûs bedarre en dat like net al te best. As it ien op jierren is dan kin men der noch wat frede mei ha, mar op jonge leeftiid hat soks je goed yn de macht. Egbert woe lykwols al mei de klup mei, faaks ek om de sinnen wat te fersetten. Nei it iten koe der lotte wurde foar de sneins.

De beide Dreesploegen bliuwe ek de sneins byelkoar, bang dat se binne dat se in stap hurder rinne moatte om de jeugd bij te hâlden en it lot wiist oan dat ek Albert en Jabik der hjoed wer tegearre op út moatte. Age dy 't tasein hat dat der him dizze jûn gedrage sil, giet moarn mei Egbert op in paad, Wytse docht it mei de foarsitter anneks kok en de skriuwer lottet foar de safolste kear bij Anno en Bareld, mar seit hjir gelyk by dat hy der hielendal gjin argewaasje mei hat. Anno hat altyd in goed sin en dat hie Bareld ek want hy hie permisje krigen fan Fokje om op Pinkstersnein mei ús it lân yn te meien. Dat Bareld syn wykein koe net mear stikken, dêrby komt dat er op snein meastal ek noch besteklik praat hat en faaks ek noch wol in goed krytsje wit.

Mar it wie noch net oan de snein ta fansels. Sûnt jierren wurd der wat útfûn op sneontejûn om de jûn wat te brekken en de betide sliepers te beletten te ier it sliepstee op te sykjen. Der kaam yn it ferline wolris in jokje oanfleanen dy op de maat fan de muzyk sa bot ferfearre dat er eins neat as in flanterich slipke oer bliuw mar de alderlêste kear sakke der in Jansen en Tilanus te folle dus dat joech ek it noadige trelit. Natuerfilms ha we ek noch hân, ûnder oaren mei grutte Sjirk, de coctailmixer, de handelsdelegaasje yn Tersoal en gean samar troch, mar dit jier wie de beurt oan Albert. Sa as wij allegearre witte is Albert in earsten natuerfreon, mar dat er sokke moaie dia's makke hat oer de Fryske natoer dat wisten de measten fan ús net. It ferget in protte geduld en kennis fan saken om soks foar elkoar te krijen en ik tink dat oan de reaksjes fan de klupleden te hearen wie dat elts genoaten hat fan dizze diapresintaasje. As Albert syn apparatuer wer opburgen hat, krûpe de earsten ûnder de wolle en dejinge dy 't noch gjin sliep hat, nimt noch in bekje fol drinken. Us foarsitter is moarns lykwols moai op tiid mei it teewetter en efkes letter is Doekele ek presint. Alhoewol Doekele eartiids in protte slieperij mei naam lei der him yn it lest oan stikken en orneare dat er thús folle better sliepte, dat sadwaande giet er sûnt dy tiid nei hûs om de akku wer wat op te laden foar de oare dei. Mar neffens Doekele syn sizzen hie der barstende pine yn de holle dat oan 't de kofje krûp er wer op bêd en dernei soe der it wol wer besjen.

No hie ik myn aaisikerspet juster ferspile nei mear as 30 jier trouwe tsjinst, dat Doekele bied mij syn pet oan, dy koe ik sa lang wol brûke. No ha ik wol in aardich dikke kop, mar dy fan Doekele is noch in maatsje grutter. No, ja, dan hjoed mar net tefolle aaien fine. Ik wie yn elts gefal al bliid dat ik wer wat op de holle hie. It wie de sneins al net oars as de foarige dei, net in ljip bij de aaien, de âld hy doarme wat sleau op de eker om, koartom it wie sa dea as in pier yn it lân. Men hat dat wol ris faker, dan wit men net wer as men sykje moat en dan is it moedeleas wurk. As we kofjetiid wer bij de Tuolle komme, krije we te hearen dat Egbert nei hûs roppen is yn ferban mei slimme famylje-omstannichheden. Dat der wurdt dan mar besletten dat Age it lêste part fan de dei mei Hindrik en Reitse in trio foarmet. No hie Reitse ek noch lest fan de knibbel en in Age yn topfoarm, want dat wie der wer, is al net bij te hâlden, dat hoe dit wer ris komme moat, ik wit it net. No, ja, se moatte it mar rêde mei syn trijen. Neffens myn witten is der noch nea in kluplid kontrolearre troch de AID mar dit wykein wie it gelyk goed raak. Albert, Piter en de Dreesploech moasten hun neisoarchpas toane, en it wie dus mar goed dat Hindrik der efter kaam dat er syn pas fergetten hie en dat se dy noch brocht hawwe. Hindrik hie der suver negative fibraasjes fan en moast dertroch fan de skrik ek noch oan de medisinen. Hy fûn dit wykein lykwols al in hiel grut aai, mar oan de foarm en de kleur te sjen wie it wol in ljipaai. It sil wol in dûbeldjerre west wêze, as it sijke is dûbeldekt, dat skynt op it heden ek yn te wezen. Piter, op it heden fersjoen fan bril fynt hiele oare dingen, net in aai mar in leppeltsje. As der gelok hat wie it sulveren en net sa'n plestiken rierstaafke. Bareld, Anno en ik sil ek wol nei Hans Anders as nei Specsavers moatte, want in ljip op it nêst is heel wat oars as in pinksterblom. Wij sitte der lykwols al in skoft nei te stoareagjen, mar dat protsje tiid dat we der mei ferskite kin ús net sa folle skele, want nei ferskeidene fergeze lopen wit we einliks net mear wer as we it sykje moatte. Bij Lytsewierrum leit noch in hoeke mais mar dat is ek al ôftrêde, dochs sykjende wei heare we yniens wat en yn it stik dernjonken wurdt ôfgryslik roekejage. Sels mem docht mei dus dit is in bûtenkânske. Ik bin de gelokkige en kin in broed yn de pet dwaan. Doekele syn pet wol te ferstean, want neffens syn sizzen hie der hjoed net safolle fidúsje dat er wat fine soe, dus ik mocht de pet hjoed wol ophâlde. Sa as ik al sein hie wie Doekele syn pet wat oan de romme kant, dat dy sakke my gelyk yn de eagen mei die fjouwer aaien. De auto stie lykwols flakbij dus it probleem wie gau ferholpen. As op it ein fan de dei as elts werom is kin we oanfalle op de Sinees . Jot en Line doch noch wol de koerierstsjinst op Snits dat ek ús foarsitter koe hjoed oan it lêst ta efter de aaien oan. No is dat wat in grut wurd, mar dochs wienen der hjoed 40 aaien bykaam, dus mear as de sneons. Eartiids wie it krekt oarsom, dan wie de earste dei altyt de topper, mar de lêste jierren moat de sneins it dwaan. As elts de bûk fol hat kin de foarsitter de prizen útrikke. Alhoewol hy de sneons in grut part fan de dei net yn it lân west hat, koe Age hast alle prizen mei nimme nei Jirnsum.
  • 1e priis : Age, measte aaien oer twa dagen: 15 stiks.
  • 2e priis : Kees, oer twa dagen: 8 stiks.
  • 3e priis : Bareld, earste aai earste dei: 6.35 oere.
  • 4e priis : Age, measte aaien earste dei: 9 stiks.
  • 5e priis : Wytse, earste aai twadde dei: 7.35 oere.
  • 6e priis : Age, measte aaien twadde dei: 6 stiks.
  • 7e priis : It rieden, dizze priis wie dit jier foar Douwe.
Nei it aaiferpatsjen en it ôfrekkenjen is der wer in ein kommen oan in moai wykein en sil we wer in jier wachtsje moatte. Us foarsitter winsket elts in wol thús en oant takom jier en dan sette de earsten of. As dan ek de lêsten hun nocht ha kin Lolke de doar fan de Tuolle op slot draaie en is de reis fan 2002 tenein.

Jannewaris 2003

Kees Stavinga


De 92e tocht fan De Ald Hy
4 en 5 april 1998

It is wat in frjemde saak mei de leden fan "De Ald Hy". Sa lang as ik no skriuwer bin, ûntbrekke der elts jier wol in man as trije fjouwer en dat wie dit jier ek net oars. Fan Oane Durkstra witte je dat er troch syn drokke molksaak allinne de sneins meigiet en ek Albert Wester hie it sneons te drok mei oare dingen dat dy soe ek mar ien dei mei. Wytse Punter sukkele al skoften mei de rêch en miende dat it net ferstannich wie en bokselje 2 dagen yn't fjild om. Jan Martens, al jierren net de âlde, siet mei in kwaal dêr't je in moai skoft mei ûnder de pannen binne dat dy gie ek al net mei.
Binne der ek noch positive dingen te melden sille jimme dan sizze. Jawis, Reitse wie der efter kommen dat rivella ek gjin ferkeard drinken wie en wie gâns opknapt. It wie in spultsje hy koe wer mei de jongerein oprinne en dat wie de lêste jierren al oars.
Hindrik hie in grutte revyzje yn it sikehûs hân, wat nije sûgers en bussen en sa dat hy wie wer as nij. "Ik ha my noch nea sa bêst field." sei er sels. "Ik kin op't stuit De Mol wol berinne." woe er ha.

werom