In part fan it ferslach fan 1992 ........... Sa njonkenlytsen komme de kaarten wer op tafel en dan fljocht de joun om. It sil skraal 11 oere west ha, dan komt er in moaie pin-up op e seal. It moat dy spite Douwe dasto net fan de partij wiest! De ferslachjouwer siet sa yn't klaverjassen ferdjippe, dat hy hie nearne gjin euvelmoed yn. Wel tocht er: "Wat rûkt it hjir ynienen lekker". De geur die my tinken oan gember. Sijke-muoi giet lyk foar my stean en freget wa't hjir de lieding hat. No Douwe jonge, do wolst it net leauwe, mar ik koe op't selde stuit net in wurd útbringe. Ik wie gewoan ferbjustere troch sa'n pronkstik, alles siet der op en der oan. Us foarsitter wie ek alhiel fan't sintrum, dat doe hat Age de honneurs foar ús waarnommen. Alle âld-hijkes giene mei sijke nei ûnderen en de striptease-show gie oan. Us discjockey Wytse sette in snelle fokstrot op en dêr gie it hinne. Earst kaam it truike út, doe it rokje, mar ho - fierder gean ik net, dan moasto ek mar net nei Benny ta gean. Lykwols sijke-muoi hie it broekje net útdwaan hoecht; it gefaltsje wie sa trochsichtich, dat men de begroeiing sa ek wol sjen koe. It like krekt as hie hja de permanent d'r yn, it sil wol de iene of oare fagina-pasta west ha. It gie sijke sa linich of; in bytsje mei de heupen draaie en plof, dêr lei wer in stikje tekstyl op'e flier. Nei in kertier hie hja alles út, op har nullehakken nei. Doe lei de dounsflier dan ek besaaid mei lynzjery en oare kleanstikken. Neidat ús discjockey syn plichten dien hie, fandele sijke har spullen wer byinoar. De jaarponge mocht Anne Hoekstra lykwols hâlde. It moltsje gie mei sijke-muoi nei de klaaikeamer en hat har behelpsum west mei it oanklaaien en hierfrisseljen. De oare âld-hijkes giene allegearre wer nei de boppeseal en bestelden in drankje, want sa'n machtige sjoo der krije jo wol toarst fan. Fan kaartspyljen kaam no neat mear, wy hiene no oars wol stof om te praten. Troch dizze kostlike affysje is it dan ek samar wer bêdtiid. Better let as net, sei de man en hy kaam yn'e nijsimmer te nijjierswinskjen. Oer de sneins is net safolle te fertellen, De ferslachjower kin no ienkear net yn alle ploegen operearje en krijt men gjin brike setten trochjoun, dan kin men der ek net oer skriuwe. Dêrom doek ik mar werris yn't ferline en sil it ferhaal fan'e R.P.143 foar jimme út de doeken dwaan. Yn 1966 gie de âld-hij op 16 en 17 april fuort te aaisykjen, sûnder ús skipper Abe Raukema. Om't Abe de sneons yn'e femylje in bruiloft hie, woe syn omke-sizzer Jappie Huisman dizze reis wol skipper wêze. En wa't him goed kennen hat, dy wit wol dat Jappie in mûske wie; as er immen in loer draaie koe, da liet er it net. Us kastlein Ate Brinksma hat dat dizze reis dan ek witten. De earste deis sochten wy eartiids altiten yn eigen kriten en de twadde deis giene wy troch de slûs rjochting Eagmaryp en 'e Jouwer. Wy waarden dan meastal opsplitst yn fjouwer ploegen: Terkaple-Goaijingaryp, de Blaugêrzen, de Broekster- en de Bloksleatpolder. De Bloksleat-ploech bestie dizze reis út fiif man, te witten Jappie Huisman, Bouke Schuurmans, Ate Brinksma, Ruurd Hoekstra en Doekele Kiestra. Om't Jappie no skipper wie en ek meisocht, gienen wy fansels mei de opdrukker nei de Bloksleatpolder. Eartiids binne hjirre wol in protte aaien foun, benammen de skriezen wiene altyd tige aktyf. Mar no't de ferkaveling opsetten kaam, waard it hurd minder. De fynst foel ús dan ek danich ôf en sadwaande begoun men te sykjen nei nije jachtoarden. Wy tuften rjochting Langwar en sochten doe yn'e kriten achter Skarsterbrêge. Om yn dy landerijen te kommen, moasten wy fan in polderdyk ôf oer in haaifeart ljeppe. De polderdyk hie in hurde wâl, dat it ljeppen joech gjin beswieren. Nei in pear oeren sykjen en in moai protte aaien begongen ús magen te jokjen en giene wy werom nei de opdrukker ta. Wy kamen wer fear de haaifeart, mar fan dizze kant wie wie wâl wat weak. Foar erfaren ljeppers jowt dat gjin beswier en wy komme dan ek behâlden oer de feart, útsein ús kastlein. Hy hat al in pear kear in tsjerne set, mar skytskoarret der dochs tsjinoan. De feartsboaijem wie hurd en dêrom woe de pols net stean bliuwe. "Do moatst even geduld ha Ate, ik wit hjir wol ried op" is Jappie syn beskied. Hy helle in lang ein tou fan'e opdrukker ôf en bûn dat oan 'e pols fêst. Ate dy't betûfter yn biertaapjen is dan yn ljeppen, sette de pols wer yn de feart del en Jappie stie op'e polderdyk mei it tou yn'e han om him yn lykwicht te hâlden. Wylst Ate in lange oanloop nimt en de pols gripe sil, lûkt Jappie justjes oan it tou en de biertaper grypt mis en bedarret midden yn de haaifeart. Us skipper stuts him de gek ek noch oan: "Wat drinksto hjoed, bier of sleatswetter?" Ate hie seker al in frjemd foargefoel, want hy hie de moarns al in stel ekstra klean yn'e opdrukker dellein en hat. him doe mar gau ferklaaid. Hy hie nei dit trelit in troanje as soe d'r ûnwaar komme en koe de waarnimmend skipper wol sjitte.Wylst wy meiinoar ûnder yn'e opdrukker sitte te iten en te kofjedrinken, krije wy besite fan de wetterplysje. Foardat wy der erch yn hienen, lei de R.P.143 al njonken ús oan stjûrboat en stapte ien fan de plysjes al by ús oan boat. Kaba wie lykwols beret en snipt de skriesaaien út it bakje wei en mikt se yn de amer mei ôfroune oalje. Op't selde stuit stiet dy plysjeman al by it roefke en freget at er de aaien wol efkes sjen mei? Kaba hie in hol]e as in reade byt, sa benaud wie er. Ien fan de ljipaaien hie in aparte kleur, it hie in hiele ljochte tint. De wetterplysje fertroude dit net en hat it aai yn beslach nommen. Hy woe it sjen litte oan dr.Otto fan Snits en as it net doogde, dan soene wy d'r wol mear fan hearre. Neidat er Kaba syn namme en adres noteard hie, sette er mei syn kollega's wer ôf. Wy hawwe letter taal noch teken wer heard. Oan t safier it plysje-ferhaal. De sneins binne d'r 41 ljipaaien foun; oer twa dagen dus 86 stiks. De twadde deis waarden de measte aaien foun troch Jan, Bareld en Anne-par mei elk 5 aaien. Nei de nasi en bami koe de foarsitter de prizen wer útrikke:
Us foarsitter betanket Lolke foar de moaije prizen en nei it Ofrekkenjen en it aaiferpartsjen giet elk sa njonkenlytsen wer nei de famkes ta. Febrewaris "93 Doekele Kiestra. |